Diel dit berjocht

Taal dy’t ús rekket

Buorman Jelle is muzykdosint en wit dus in soad fan muzyklear, fan toansoarten en harmonyen ensa. Hy kin tige saksofoanspylje, arranzjearje, dirigearje en noch folle mear. Yn in petear oer syn oplieding sei er ris tsjin my dat al dy kennis oer muzyk o sa wichtich is, mar dat it der benammen om giet wat muzyk teweibringt, wat dy oan gefoel oerbringt. Wat dat oanbelanget hat er in soad leard fan neurowittenskipper en pianodosint Robert Harris, fertelde er. Dy hâldt him dwaande mei de fraach wat der by it meitsjen en beharkjen fan muzyk yn ’e holle bart. Wy wienen it deroer iens dat krekt dát aspekt it alderwichtichste is: kommunikaasje fan emoasjes.

Mar is dat mei taal net krektsa? De ynhâld fan in tekst ropt reaksjes op en dy hawwe net allinnich te krijen mei betsjutting, mar ek mei formulearjen (wurdkar en sinbou) en útspraak (lûden en yntonaasje). It is mei taal suver itselde as by muzyk: kennis fan grammatika c.q. muzykteory oan ’e iene kant en oan ’e oare kant de emosjonele lading fan in tekst c.q. komposysje. De ferliking giet fansels net folslein op om’t muzyk in keunstfoarm is en taal (ek) in objektyf saaklike funksje hat.

By poëzy en oare foarmen fan taalkeunst is de parallel it sterkst. Dêrom binne de bydragen fan Arjan Hut op dit foarum ek sa moai. Hy keppelet (emosjonele) ynhâlden oan de skjintme fan taal. De ferbining tusken kognysje (kennis en begryp) en it estetyske (emoasje en wurdearring). Dat leit yn alle talen wer oars, mar as in taal ús tige eigen is, dan komme we op dy wize op it begryp ‘taal fan it hert’.

Ed Knotter

One Response

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter