Diel dit berjocht

Wat is der mei it ea-lûd?

Hoewol’t ea en nea gewoane Fryske wurden binne, sizze de measte minsken oait en noait. In oar wurdpear is eat en neat. Yn it sprutsen Frysk hearre we dat dêr gauris yts en niks foar brûkt wurdt. Wer in oar pear – earne en nearne – wurdt yn de sprutsen taal ek út ’e wei gien en ferfongen troch erges en nerges. De neamde foarbylden binne allegearre wurden mei it ea-lûd. Yn dit gefal pearen: it iene mei en it oare sûnder n oan it begjin. Der binne lykwols ek noch oare wurden mei ea dy’t dat lûd yn it mûnling ferkear faak ferlieze yn it foardiel fan oa, lykas kleaster-kloaster, it easten-it oasten, leat-loat, gea-goa.

Wat is der mis mei ea? Wêrom mije we yn de omgongstaal dy wurden en wike we nei it Hollânsk út? Is it tafal en hat it neat mei it ea-lûd te meitsjen? Ik wit it net. It is yn alle gefal net in ferskynsel fan de lêste tiid. It spilet al mear as hûndert jier en it mei suver in wûnder hjitte dat de yn ûnbrûk rekke wurden noch net út de wurdboeken ferdwûn binne. Dat sil dochs in reden hawwe.

Dat ynruiljen foar in Hollânsk wurd nimt, tink ik, wol ta. Sa hearde ik koartlyn in ferslachjouwer “terugsjen” sizzen. Wat is der mis mei werom fan weromsjen? Is it net oantreklik genôch? Rekket it (dêrtroch) yn it ferjittersboek? En wêrom hawwe minsken it net oer Olympyske Spullen? Sokke fragen lit ik faak yn my omgean. Ien antwurd kin ik sels wol betinke: as in lytse taal allinne mar mûnling trochjûn wurdt, wurdt er yn in rap tempo fersmoarge troch ynfloeden fan de neiste gruttere taal. Wolle we it Frysk geef hâlde, dan is dêr systematysk en metoadysk ûnderwiis foar nedich.

Jan Breimer

One Response

  1. It binne ûngelyksoartige gefallen. ‘Yts’,’ergens’ en ‘nergens’ komme dúdlik út it Hollânsk. ‘Oast’ ek, mar dat is al mear as hûndert jier de gewoane foarm yn de Fryske sprektaal. Waling Dykstra beskôget ‘east’ al as ferâldere Frysk.

    By ‘loane’, ‘kloaster’ en ‘goa’ is it in stik minder dúdlik oft it Hollânsk dermei anneks is. Dat kinne ek âlde eastlike foarmen wêze, dy’t al bestienen foardat de bouwers fan it Standertfrysk de ea-foarmen ta noarm útrôpen. De Aldfryske aa is yn it westen fan it Fryske taalgebiet (rûchwei, mar net presys wat no de provinsje Fryslân is) nammentlik meastal ta ea of ê wurden, mar yn it easten (rûchwei Grinslân, East-Fryslân en it Sealterlân) meastal ta oo of oa.

    De boppesteande kwestjes wurde wiidweidiger as dat ik it no doch behannele yn Douwe Tamminga syn Taelhelling.

    ‘Ea’ en ‘nea’ ha yn har hjoeddeiske betsjutting noait sprektaal west. Yn de 17e ieu kamen dy wurden wol yn it Frysk foar, mar mei in folslein oare betsjutting. It Frysk hie doe gjin wurden dy’t deselde betsjutting hienen as it Hollânske ‘ooit’ en ‘nooit’. Dêr wie op dat stuit blykber al ferlet fan, want dy Hollânske wurden binne (mei in lytse lûdferoaring fan oo nei oa) mei har betsjutting yn it Frysk opnaam as ‘oait’ en ‘noait’, wylst it âlde ‘ea’ en ‘nea’ útstoarn binne.

    Mear as twahûndert jier lang ha de Friezen oars net as ‘oait’ en ‘noait’ brûkt. Yn de 19e ieu ûntdutsen taalbouwers ‘ea’ en ‘nea’ yn it wurk fan Gysbert Japiks en begûnen dy lang fergetten foarmen as alternativen foar ‘oait’ en ‘noait’ te brûken – mei de betsjutting fan dy lienwurden, net mei de oarspronklike betsjutting.

    Yn de skriuwtaal wienen ‘ea’ en ‘nea’ aardich suksesfol, mar se binne noait diel wurden fan de Fryske omgongstaal. Tamminga pleite der yn ‘e jierren sechstich al foar om gewoan wer ‘oait’ en ‘noait’ te skriuwen ynstee fan de keunstmjittige foarmen ‘ea’ en ‘nea’.

    De kwestje fan de ‘Olympyske Spullen’ behannelet Tamminga ek. Dat dat amper sein wurdt, ferklearret er trochdat ‘spullen’ yn de bedoelde betsjutting yn it Frysk tige ûngebrûklik is. Friezen tinken by ‘spullen’ eins altyd oan ‘guod’.

    De kwestje ‘maat/mjitte’, dy’t Ed okkerdeis op it aljemint brocht, behannelet Tamminga oars ek al. Hy wiist derop dat ‘maat’ foaral brûkt wurde yn betsjuttingen dy’t ‘mjitte’ fanâlds net hie, bygelyks om de nûmerkes dêr’t de grutte fan konfeksjeklean mei oantsjut wurde.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

  • Reaksje (1)
  • It binne ûngelyksoartige gefallen. ‘Yts’,’ergens’ en ‘nergens’ komme dúdlik út it Hollânsk. ‘Oast’ ek, mar dat is al mear as hûndert jier de gewoane foarm yn de Fryske sprektaal. Waling Dykstra beskôget ‘east’ al as ferâldere Frysk.

    By ‘loane’, ‘kloaster’ en ‘goa’ is it in stik minder dúdlik oft it Hollânsk dermei anneks is. Dat kinne ek âlde eastlike foarmen wêze, dy’t al bestienen foardat de bouwers fan it Standertfrysk de ea-foarmen ta noarm útrôpen. De Aldfryske aa is yn it westen fan it Fryske taalgebiet (rûchwei, mar net presys wat no de provinsje Fryslân is) nammentlik meastal ta ea of ê wurden, mar yn it easten (rûchwei Grinslân, East-Fryslân en it Sealterlân) meastal ta oo of oa.

    De boppesteande kwestjes wurde wiidweidiger as dat ik it no doch behannele yn Douwe Tamminga syn Taelhelling.

    ‘Ea’ en ‘nea’ ha yn har hjoeddeiske betsjutting noait sprektaal west. Yn de 17e ieu kamen dy wurden wol yn it Frysk foar, mar mei in folslein oare betsjutting. It Frysk hie doe gjin wurden dy’t deselde betsjutting hienen as it Hollânske ‘ooit’ en ‘nooit’. Dêr wie op dat stuit blykber al ferlet fan, want dy Hollânske wurden binne (mei in lytse lûdferoaring fan oo nei oa) mei har betsjutting yn it Frysk opnaam as ‘oait’ en ‘noait’, wylst it âlde ‘ea’ en ‘nea’ útstoarn binne.

    Mear as twahûndert jier lang ha de Friezen oars net as ‘oait’ en ‘noait’ brûkt. Yn de 19e ieu ûntdutsen taalbouwers ‘ea’ en ‘nea’ yn it wurk fan Gysbert Japiks en begûnen dy lang fergetten foarmen as alternativen foar ‘oait’ en ‘noait’ te brûken – mei de betsjutting fan dy lienwurden, net mei de oarspronklike betsjutting.

    Yn de skriuwtaal wienen ‘ea’ en ‘nea’ aardich suksesfol, mar se binne noait diel wurden fan de Fryske omgongstaal. Tamminga pleite der yn ‘e jierren sechstich al foar om gewoan wer ‘oait’ en ‘noait’ te skriuwen ynstee fan de keunstmjittige foarmen ‘ea’ en ‘nea’.

    De kwestje fan de ‘Olympyske Spullen’ behannelet Tamminga ek. Dat dat amper sein wurdt, ferklearret er trochdat ‘spullen’ yn de bedoelde betsjutting yn it Frysk tige ûngebrûklik is. Friezen tinken by ‘spullen’ eins altyd oan ‘guod’.

    De kwestje ‘maat/mjitte’, dy’t Ed okkerdeis op it aljemint brocht, behannelet Tamminga oars ek al. Hy wiist derop dat ‘maat’ foaral brûkt wurde yn betsjuttingen dy’t ‘mjitte’ fanâlds net hie, bygelyks om de nûmerkes dêr’t de grutte fan konfeksjeklean mei oantsjut wurde.

Lit in reaksje efter