Diel dit berjocht

Wêrom bestiet ‘mjittich’ net yn it Frysk?

De wyn is matich, stiet der yn it waarberjocht. Mjittich seit net ien; it wurd stiet net iens yn it hânwurdboek. Mar wêrom net? Miskien om’t wy it wurd midsmjittich hawwe? Dat betsjut ‘net al te bêst’. Of is it de eangst om foar ‘te Frysk’ oansjoen te wurden?

It komt faak foar dat in wurd út in oare taal keazen wurdt, wylst dêr in goed Frysk wurd foar is. Wêrom dogge minsken dat? Ut ûnkunde faaks? Wa’t bygelyks it wurd earne net ken, seit mar ergens. Wat faker as soks bart, wat gewoaner as it wurdt. In lienwurd, of slimmernôch in ynslûpsel, wurdt dan yntegrearre.

Soe dat mei matig en mjittich ek it gefal wêze kinne? Mjittich is in ôflieding fan mjitte, in deagewoan Frysk wurd, wiidferspraat yn alderhande taaleigen. Gearstallingen en ôfliedingen by de rûs, mar skuonmjitte – om mar wat te neamen – bestiet net (skuonmaat soe in nuver hollanisme wêze). It hânwurdboek hat bernemaat as hollanisme opnommen. (Yn de betsjutting fan ‘freon út ’e bernejierren’ soe it nammers geef Frysk wêze.)

Dat leaver maat foar mjitte brûkt wurdt, liket op skamte foar de Fryske foarm. Wat docht it wurd matich yn it Frysk? Dat sil te krijen hawwe mei de spesifike betsjutting fan ‘beheind’, ‘net oerdreaun’. Tink oan ‘in matich fermogen’ (net te grut). It sit him grif yn de gefoelswearde: mjittich soe mei midsmjittich in negative assosjaasje oproppe, wylst mei matich in objektyf ôfswakjen bedoeld wurdt. As de wyn net krêftich is, is er dus matich.

Ed Knotter

One Response

  1. Wat moai om in Fryske column fan jo te lêzen, Ed Knotter.
    Groetnis fan Hilda Koopmans (klas Frans Meijers, Lyndensteyn 1996/1997) fanút Limburch.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

  • Reaksje (1)
  • Wat moai om in Fryske column fan jo te lêzen, Ed Knotter.
    Groetnis fan Hilda Koopmans (klas Frans Meijers, Lyndensteyn 1996/1997) fanút Limburch.

Lit in reaksje efter