Diel dit berjocht

Wiegman en Williams

Twa foarnammen dy’t bot opinoar lykje: Sarina en Serena. Draachster fan de earste is in betûft trainster by it frouljusfuotbaljen. De twadde kenne we as in ferneamd Amerikaansk tennister.
Lês no ris lûdop: Sarina en Serena (de twadde op syn Ingelsk). Hearre we ferskil? En wêr sit dat dan?

De earste a fan Sarina sil, krekt as yn fabryk en papier, lang net altyd as in lang a-lûd útsprutsen wurde; earder as in toanleaze e (febryk en pepier). Dat strykt mei de skriuwwize fan Serena. De twadde e fan Serena wurdt útsprutsen mei in (lang) y-lûd. Dat strykt mei de letter i yn Sarina. It lingteferskil fan it y-lûd falt net bot op en dêrmei liket it ferskil tusken beide nammen allinnich in ferskil yn stavering.

Der is wol in hiel oar ferskil. Yn Sarina hearre we in rôljende tongpunt-r. Yn Serena liket de r fêstplakt te sitten oan in j. Apart dat it grutste ferskil yn útspraak (de r) net oan it wurdbyld te sjen is.

Ed Knotter

 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter