Diel dit berjocht

God ien en God twa

In frou yn Hurdegaryp sei tsjin my: “Ik wrakselje mei God ien en God twa. God ien is de God út myn jeugd, de oare is dy fan jo. De earste is ‘de Almachtige’, dy’t neffens Snein 10 fan ’e kategismus alles bestjoert. De twadde is ‘in almacht fan leafde’ dy’t net tsjinoer, mar njonken minsken yn harren fertriet stiet.”
By God ien wurde God en needlot maklik ferwiksele.
Lykas yn it boek Job is der ek yn it boek Ruth in striid om God ien en twa. De freonen fan Job ha it oer de Almachtige. Job wrakselet om in God as Heit: Wêr is de godlike Heit?

Der moat earst wat goeds barre, sil Noömy God wer sjen kinne as de leave Heit. As se yn Betlehem oankomt (‘suterich wyfke, skier as Yfke’, neffens Verbeek) sizze de minsken: Is dat Noömy? Dy namme betsjut: de leaflike. En dan is har antwurd: Neam my mar Mara (= de ferbittere) want ‘de Almachtige’ hat my gâns leed oandien.
As faze yn de rouferwurking ha minsken – yn en bûten de tsjerke – klachten tsjin god/it needlot. Inkelde reaksjes dy’t ik hearde, wiene:

– Ik sjocht it net mear sitten fan dy goede en rjochtfeardige God.
– Bidde, leauwe, nee foar my hoecht it net mear.
– Ik ha argewaasje fan preken. Ik koarje derfan.
– Der is dochs in God dy’t alles bestjoert? Wêrom docht Er my dit oan? Wêr ha ’k dit oan fertsjinne?

Lilkens heart by rou, ek de lilkens tsjin it needlot/god.

Hiel wichtich is dan dat oaren dy lilkens ferdrage wolle.
Noömy komt fierder, se fynt, lykas dy frou yn Hurdegaryp, God twa. De God dy’t seinigje wol. Mar om safier te kommen, moatte der earst minsken wêze dy’t sa tadien binne as God! (Ruth 2:19, 20)

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter