Diel dit berjocht

God jout de fûgels iten, mar se moatte der sels om fleane

Al hiel jong hie ik der argewaasje fan dat leauwige minsken passyf en fatalistysk wiene. As studint holp ik in boer om biten op ienen te setten en te wjûden. Hy hie der in soad túch yn en dan sei er: “Dat komt om’t Eva Adam fan ’e apel ite liet.” Ik sei dan: “Jo buorman hat der oars gjin túch yn.” Dy buorman wie hiel aktyf en hysels wie lui.

De opfieding yn Ald-Israel wie ien grut protest tsjin luiens:

“Ik kaam by de bou fan in luiwammes lâns,
Sjoch, it wie alhiel oergroeid fan stikels.
Ik naam der learing út: noch efkes sliepe, noch efkes slomje,
de earmoede oerfalt dy” (Spreuken 24:30-34).

Om’t er leaut, hat Joazef takomstfyzje. Hy fielt it oan: nei sân fette jierren sil der in krisistiid komme. Der moat in krisismanager komme mei in buro en dy moat in fiifdepart fan it nôt heffe en bewarje foar de minne tiden.
Joazef kriget de lieding, want Farao oardielet: “Soene wy wol in man fine as dizze, dy’t Gods Geast yn him hat? Der is gjinien sa ferstannich en wiis as jo!”
Joazef lit der gjin gers oer groeie. Hy reizget hiel Egypte troch en lit alle iten byinoar bringe en slacht dat op yn stêden. Hy bringt ûnwittend folle nôt byinoar, suver as it sân fan ’e see.
Yn de ‘meagere jierren’ is der hongersneed yn alle lannen, mar oeral yn Egypte is brea. Farao ropt: “Gean mar nei Joazef!” En de hiele wrâld komt nei Egypte om nôt fan Joazef te keapjen …
Joazef is type fan de leauwige, fan ‘Israel’, fan ‘de tsjerke’.
Sjoen de honger yn ’e wrâld meie leauwigen net passyf en fatalistysk wêze. Der is foar alle minsken iten genôch; it moat better ferparte wurde. Der binne Joazefs nedich.

Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.

Yllustraasje Léon Pierre Urbain Bourgeois (1863): Joazef makket him oan syn bruorren bekend

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter