Diel dit berjocht

Ien swel makket simmer

Troch de tiden hinne ha der rampen west en dy sille yn ’e takomst ek wol foarkomme. It kin alhiel út ’e hân rinne troch kearnwapens, ûngelokken mei kearnenerzjy (Tsjernobyl), troch de seespegel dy’t heger wurdt, troch it tinner wurden fan de oazonlaach, troch it kapjen fan bosken, de ‘longen’ fan ’e wrâld. Hieltyd wer binne der slimme sykten, lykas hjir de kanker en yn Afrika de aids.

As de Bibel in ferhaal fertelt oer in grutte floed dy’t ienris west hat, dan giet de oandacht it meast út nei ien minske dy’t it oerlibbet. Dat er it oerlibbet, hat er te tankjen oan syn opfieding. Hy libbe der alhiel neffens, hy beäntwurde oan it ideaal fan de ‘rjochtfeardige’ (Genesis 6:9). Sa’n minske libbet mei God yn in oanhâldend twapetear en is dêrtroch tige belutsen by de ierde en alles dat dêrop libbet.
Dat it God om de ierde giet, docht hiel sterk bliken yn it Noächferhaal. It wurd ‘ierde’ komt der 54 kear yn foar! Om’t minsken de ierde fol meitsje fan kwea, ûnrjocht en ellinde, driget de ierde derûnder troch te gean. Der is net folle fantasy foar nedich om te sjen hoe’t ús wrâld nei de plompert giet.
Mar dêr hoege wy net op troch te tinken. De fraach is oft der minsken binne dy’t har ynsette om de ramp foar te kommen, om te oerlibjen en dêrnei op ’e nij te begjinnen.
De fraach is oft jo en ik in Noäch binne. Minsken dy’t oan arkjes bouwe, dy’t libben nei dy ramp mooglik meitsje. Eppie Dam, oan wa’t wy al safolle moais te tankjen ha, dichte:

Noach bleef geloven toen de regenvloed,
heel de aarde dompelde in tegenspoed.
Omdat hij bleef geloven, kwam hij de schrik te boven.
Eén zwaluw maakt zomer, één duif niet gezwicht,
de droom van één dromer wekt schaduw tot licht.

Jo en ik kinne dy iene swel wêze dy’t simmer makket.

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.

 

 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter