Diel dit berjocht

In camping sûnder wetter

Wy hierden wolris in fakânsjebungalow of ‘landhuis’. By oankomst die dan bliken dat it in oanklaaid hinnehok wie. Och, elk makke wolris mei dat er op in camping kaam dêr’t gjin of te min foarsjenningen wiene. Mar tink it jo ris yn: jo komme op in camping sûnder wetter. Dêr soene jo en ik net wêze wolle: ynpakke en fuort wêze! As in reislieder ús dêr brocht hie, dan soene wy him it mannewaar opsizze. De eigener fan de camping soe te hearren krije: “Man, hoe krije jo it yn ’e holle en begjin in camping sûnder dat der wetter is.”

Salang’t Israel yn ’e woestyn is, kin men God sjen as eigener fan de campings en Mozes as de reislieder. De reis begjint mei in liet en muzyk (Exodus 15). De earste camping, Elim, is geweldich. Dêr wiene tolve wetterwellen en santich palmbeammen. De getallen tolve en santich wize op folheid! Se sloegen it kamp op by it wetter.
Mar dêrnei falt it slim ôf. Al yn Exodus 16 giet it yn it twadde fers op in protteljen tsjin de reislieders: “Jimme hawwe ús út Egypte helle om yn dizze woestyn om te kommen fan ’e honger.”
As troch in wûnder reint it dan iten. “Manna,” roppe se en dat betsjut: Wat is dit? (Exodus 16:15).
Yn Exodus 17 bedarje se op in camping mei de namme Rafidim. Dêr is gjin wetter. It hiele folk rint út nei de reislieder Mozes en raast: “Jou ús wetter, dat wy drinke kinne.” Op like wûnderlike wize as earst mei it manna, is der ynienen wetter. Mozes wol ha dat de minsken troch dy wûnderlike ûnderfiningen ‘ja’ leare te sizzen op de fraach: “Is de Heare yn ús midden of net?”
Op ’e telefyzje hearde ik immen oan ien dy’t kroanprins Willem Alexander goed ken, freegjen: “Is hy der klear foar om kening te wurden?” De man sei: “Ik tink dat men it measte leart as men yn funksje is.” Sa is it ek mei it leauwe: ûnderweis ûntdekke wy dat Hy derby is.

Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.

Op de hiemside: Jan Steen (± 1626 – 1679), Mozes slacht wetter út de rots

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter