Diel dit berjocht

In nije diaken!

It makket op my altyd wer grutte yndruk as ik yn in see fan ellinde ien man of frou fan ‘Artsen zonder grenzen’ dwaande sjoch. Ien minske dy’t him- of harsels op it spul set. Nammerste opfallender om’t de measte minsken der sa op út binne om de eigen posysje te ferdigenjen.

Ruth en Boäz hâlde en drage har as wiene se ferpleechster en dokter fan ‘Artsen zonder grenzen’. Yn de namme fan harren soan Obed leit de winsk besletten dat hy net in egoïst wurde sil, mar ien dy’t tsjinnet.
It boek Ruth – ja, sij, in frou, in asylsiker jout namme oan it boek en net in man Boäz of David – einiget mei in list fan nammen. De sânde namme is Boäz en de tsiende David.
Sân en tsien binne net getallen út it rekkenboek, mar út de teology. Se slane op ’e folheid. De sânde en de tsiende sille in wichtige rol spylje. Geslachten letter wurdt Jezus berne út de neiteam fan Obed. Jezus neamt himsels Obed/diaken, tsjinner fan God en minsken (Lukas 22:27). Hy hâldt de minsken foar dat se tsjinje meie.
Dat Hy dat op gong brocht hat, fiert de tsjerke yn it Nachtmiel. En dat it tsjinjen trochgiet, kriget foarm yn de diakony. Om dy twa saken draait it geheim en de realiteit fan it tsjerke-wêzen.
Mei de bylden fan Ruth belibje wy yn it Nachtmiel dat wy skûlje meie by God, en yn ’e diakony dat wy in skûlplak biede meie oan elk dy’t oars omkomme soe troch de kjeld of it gefaar fan ús  wrâldmienskip. Want minsken sûnder hûs binne as in fûgel sûnder nêst!
Miskien hinget de moed fan minsken om in skûlplak te bieden wol ôf fan it feit dat se sels skûlje meie by God!

Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter