It ljocht troch de finsters fan de tsjerke fan Eanjum

Aldjiersjûn 1973 soe ik preekje yn de herfoarme tsjerke fan Eanjum. Ik ried fan Ie troch de Kolken nei Eanjum. Al fan fierren seach ik it ljocht troch de tsjerkeruten skinen. Dy jûns yn de Kolken kaam my in útspraak út it Samuël-ferhaal yn ’t sin: “Gods lampe wie noch net útgien” (1 Samuël 3:3).

Dy lampe wie op dat stuit hast it iennige dat noch oan God tinken die. Pryster Ely wie âld, der gie neat mear fan him út, mar hy stie noch altyd heech yn oansjen. Syn soannen doogden net, se joegen neat om God Jahwèh (2:12). Fan it offer foar God makken se in barbecue foar harsels. Mei de trijetine skuorden se it fleis nei har ta. Se slepten by de fammen dy’t by de timpel wurken. It folk spruts der skande fan en âlde Ely wiisde harren derop dat minsken sa op ’e doele rekken (2:12- 17 en 22-25). Ja, it lampeljocht yn ’e timpel fertelde de minsken mear oer God as dat de prysters it diene. Dy prysters wiene lampen sûnder ljocht.

It giet mei de tsjerke op en ôf. Op tiden fan geastlike bloei folgje skrale tiden. De iene geastlike is mear in segen foar de gemeente as de oare. Ds. Heringa stie fan 1813-1840 yn Eanjum, mar hy siet it leafst yn ’e kroech fan Iezumbuorren en fytste op in kear dronken de sleat yn. Sa’n dominy en dan 27 jier lang, dat is net in segen foar de gemeente. Nei him kaam Weremeüs Buning en doe belibbe Eanjum ‘It Frysk Reveil’ fan binnen út. Hy pakte op in sneontejûn it jild dêr’t yn ’e kroech om spile waard fan de mannen ôf, die it sneins yn ’e ponge en sei: “Dit  ha ’k juster de duvel ûntstellen.”
Nei de soannen fan Ely, mannen fan neat, kaam Samuël. Hiel Israel waard gewaar dat Samuël betrouber wie as profeet fan ’e Heare (3:20). Wy hoege de moed nea op te jaan.
Soe it net wat wêze en lit nachts yn tsjerke in lampe helderop brâne?

Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter