Diel dit berjocht

Ninevé hat ferlet fan God

Efter Ninevé sjogge wy de stêden yn ús tiid: Dacca, de haadstêd fan Bangla-Desh mei 16 miljoen ynwenners en grutte earmoed; Bagdad mei de neilittenskip fan Saddam Hoessein; Berlyn, Parys, New York en safolle oare stêden mei hieltiten mear minsken dy’t op strjitte libje. Us stêden Amsterdam, Rotterdam, Ljouwert en al dy oare, mei problemen yn efterstânswiken, kriminaliteit, drugs ensafuorthinne. Hawwe dy stêden God nedich? Hawwe wy Him nedich?
It antwurd op dy fraach dat my it sterkst taliket, komt fan de jurist Helmuth von Moltke. Hy wie de lieder fan de bekendste fersetsgroep yn Nazy-Dútslân, de Kreisauers. Nei de oanslach op Hitler (20 july 1944) waard er oppakt en ta de dea feroardiele. Yn in oangripende ôfskiedsbrief oan syn frou skreau er:

“Foar de oarloch tocht ik dat leauwen yn God net nedich wie om it nasjonaal-sosjalisme te kearen of te oerwinnen. No wit ik dat ik ûngelyk hie, dat ik it totaal ferkeard ynskat hie. De grutte fan it gefaar, de swierte fan ’e opoffering dy’t frege wurdt, easket mear as sljochtwei wat prinsipes. Dat freget in absolút burgen-wêzen en in absolute oertsjûging.”

Ninevé hat ferlet fan God!
Hoe komt God yn Ninevé? In minske wurdt yn tsjinst nommen: Jona, gean nei Ninevé! Mar Jona wynt him derfoar wei. Ympulsyf giet er de oare kant út.
Hjoed freget God oan jo en my om kwea te beneamen en dêrtsjin yn ferset te kommen. Net allinne yn ’e eigen rûnte, mar ek derbûten, yn ’e wide wrâld.
Hawwe wy dêr de moed ta? Hawwe wy dêr de oantrún en de stipe fan God mear by nedich as wy tinke?

Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.

Yllustraasje: Jona ûnder de wûnderbeam (publyk domein)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter