Diel dit berjocht

‘Onder u zijn eeuwige armen’

In frou wie slim siik, mar se hie noch hoop op in operaasje, hoop op ’e hannen fan de sjirurch. It koe lykwols net mear. Doe sei dy frou: “‘Onder u zijn eeuwige armen’, wolle jo dêroer preekje by myn routsjinst?” Mei dy wurden en de ynmoedige wize sa’t se dy útspriek, hie se al foar my preke.
Thús socht ik yn de Bibel op wêr’t dy wurden steane. It wie Deuteronomium 33:27 en oan dy wurden foarôf giet: “De eeuwige God is u een woning.” De Hollânske tekst rekket my hjir djipper as de Fryske.

Twa kear dat ‘eeuwige’, dat tilt ús boppe it tydlike út. Ut in fier ferline wei oant yn de fierste takomst is ús God der. Hy is de Earste en de Lêste (Lieteboek 1973: Gesang 1 / Lieteboek 2015: Liet 513). As der op ierde gjin hannen mear binne dy’t ús helpe kinne, as troch de dea de bân mei ús neisten ferbrutsen wurdt, dan binne der ivige hannen dy’t ús bringe nei it ivich hûs.
As ik dêroan tink, wol ik sjonge mei Gerben Brouwer syn Psalm 84:

de mosken ûnder ’t pannetek,
de swellen boppe ’t gollefek,
hja hawwe in honk om út te rêsten.
Ik haw in honk yn Gods paleis:
o dêr te sjongen nachts en deis.

Dan komt my dat oare byld út Deuteronomium yn ’t sin: God as de earn (de ‘arend’). Lykas dy grutte fûgel it mei syn jongen docht, triuwt God ús it nêst út: wy moatte sels it fleanen leare. Mar as wy falle, dan dûkt Er ûnder ús, spriedt syn wjukken út, heint ús op en draacht ús.
Wy dy’t sa faak mei de hannen yn ’t hier sitte, hannen tekoart komme, gjin hân hawwe om in fûst te meitsjen, wy dy’t de dingen net yn ’e hân hawwe, wy hearre dy treastrike wurden út Deuteronomium: “ûnder jimme binne ivige earmen.” Wurden dy’t trochklinke yn Gesang 14:2 en Lieteboek 23b:2:

En mocht ik al wifkje,
dan heint my Syn hân.

Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.

Hiemside: De Hear is myn hoeder (boarne pngtree)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter