Diel dit berjocht

Wy binne ryk

Wat rykdom mei ús docht, hat Connie Palmen dúdlik makke yn har boek Geheel de uwe. Dêr jout se in list fan wurden út ’e ekonomy yn, dy’t minsken brûke om harren relaasjes te typearjen. Bygelyks: yn inoar ynvestearje; baat ha by in relaasje; wa’t it ûntjilde moatte; wa’t boetsje moat; wa’t it measte profyt fan in relaasje hat; meitelle; de muoite wurdich wêze; de erkenning fan it fallyt; it libjen yn liende tiid, en sa mear. It materialisme slacht foar master op yn it yntime gebiet fan it partner- en freon-wêzen. Binne wy dêr net fier mei fuortsakke?

Abraham is ryk en Lot is ryk. Mar Abraham is oars ryk as Lot. Earst hawwe se in maatskip. Mar as de konflikten komme, beslute se útinoar te gean. Lot wurdt beskreaun as in meirinner (Genesis 12:4), hy nimt nea it inisjatyf. Abraham wol. Hy seit: “Der moat gjin spul komme tusken ús beide en ús hoeders!”
Ik sjoch yn gedachten de beide mannen op in berch stean en ik hear Abraham sizzen: “It hiele lân leit foar dy; kies do earst mar.” Wa’t dat sizze kin is net yn ’e macht fan it materiële! Stel jo foar: der lizze in mannich bouterreinen, mar ien dêrfan is in toplokaasje. Jo binne ien fan de gadingmakkers. Sizze jo tsjin de oaren: Kies do earst mar?
Ik haw in tiidlang Fryske hynstefôlen foar opfok kocht. Mar ik koe it net klear krije om dan de oare earst kieze te litten.
Lot docht syn kar. Begearich sjocht er om him hinne. Hy kriget eurotekens yn ’e eagen. Hy sjocht in gebiet as it paradys (13:10). Mar wat it paradys liket, blykt op Sodom en Gomorra út te rinnen.
Wy sjogge it om ús hinne, hoe’t materialisme in Sodomkultuer meibringt. Ekonomy en technyk ferdriuwe it minske-wêzen. Egoïsme slacht foar master op. De útdaging fan Abraham oan ús is: “Ien dy’t in oar segenet, kriget sels mear as sêd en dy’t in oar drinke lit, sil sels ek drinke” (Spreuken 11:25). De Abraham yn ús moat it winne fan Lot.

Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.

Yllustraasje hiemside: Adof Hult (1869-1943), Abraham en Lot geane útinoar (publyk domein)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter