Diel dit berjocht

Nettsjinsteande algedrabze aktiviteiten op it Harnzer strân

Dat it Harnzer strân net frij te hâlden is fan algedrabze is de konklúzje fan in ûndersyk nei algen en strânbelibbing yn Harns. Yn 2020 waard de pilot Wad Nu úteinset. De haadfragen wiene: Hoe kinne we it strân frijhâlde fan algen en is it Harnzer strân oantreklik genôch? 

Yntusken is bekend dat pontons en algeskermen de ôfset fan de algedrabze op it strân net behinderje of ferminderje. De algen komme mei it wetter fan de Iselmar. De wynrjochting en wynkrêft bepale de oan- en ôffier. De hichte fan it tij soarget foar de hichte fan de ôfsetting. De griene algeboltsjes dy’t op it Harnzer strân oanspiele, binne nammers net skealik foar de folkssûnens. 

Om it strân oantreklik te meitsjen binne der maatregels nommen. By de trep fan De Stiennen Man is bygelyks in boerd delset mei ynformaasje oer de tradisjonele Fryske badkultuer en Harns as histoarysk badplak. Dêrneist binne de sanitêre foarsjenningen ferbettere en wurde der sportive en kulturele aktiviteiten op it strân organisearre. De lokaasje strân is no ek opnommen yn de MeAr Fryslân-app. Mei dy app is it mooglik om in rûte te folgjen dêr’t histoaryske ferhalen en de kultuer fan Fryslân op ta libben komme. 

Wethâlder Erik de Groot: “De oanfier fan algen kinne we spitigernôch net foarkomme. Wol kinne der wol foar soargje dat minsken strân posityf belibje. Dat dogge wy net allinnich troch ien kear yn de twa jier it sân op it strân op te heegjen, mar ek troch de kwaliteit fan it swimwetter goed yn ’e gaten te hâlden.” 

Wethâlder Paul Schoute follet oan: “Trije simmers lang binne der sportive en kulturele aktiviteiten op it strân organisearre ûnder de namme Zomer aan Zee. Dat diene wy mei Beng Evenementen en mei It beweegteam (Team FRL). De reaksjes wiene tige posityf. Mei de ôfrûning fan it projekt Wad Nu is der ek in ein kommen oan Zomer aan Zee. Wy litte it no oan ‘e merk oer om aardige aktiviteiten op it strân te organisearjen. Ik sjoch de foarstellen en ideeën graach temjitte.”

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter