Diel dit berjocht

It Grut Frysk Diktee 2024

Gnyskje, nútsjesmoar en krûpelhintsje. It Grut Frysk Diktee is werom mei in nije edysje. Op tiisdei 23 april wurdt It Grut Frysk Diktee wer as fan âlds hâlden yn de Steateseal fan it Provinsjehûs.

It Grut Frysk Diktee 2024 wurdt op 24 april jûns útstjoerd by Omrop Fryslân.

Wa’t meidwaan wol oan it diktee moat him dêrfoar kwalifisearje troch it kwalifikaasjediktee te dwaan op dizze website. Fan de bêste ynstjoerders krije 20 in plakje yn de Steateseal fan it Provinsjehûs. Neist dizze finalisten dogge der ek fiif teams op útnûging oan it diktee mei; dy’t stride om in aparte priis.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter