Diel dit berjocht

‘Fear yn ’e Broek’ foar Sake P. Roodbergen

De Ried fan de Fryske Beweging hat besletten om de saneamde Fear yn ’e Broek dit jier út te rikken oan Sake P. Roodbergen út Akkrum. De Ried kent de Fear jierliks ta oan persoanen of ynstellingen dy’t har tige fertsjinstlik meitsje op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. De priis is fan ’e middei útrikt op de earste Bewegingsdei fan de Ried yn De Bres yn Ljouwert.

Sake Roodbergen kriget de oarkonde en de Fear fan foarsitter Sjirk Bruinsma (foto: Goeie.frl)

De Ried is fan betinken dat Sake Roodbergen him al jierren tige fertsjinstlik makket troch alles wat de floara en fauna yn Fryslân te bieden hat mei grutte saakkundichheid op tagonklike wize yn Frysktalige natuergidsen en oare publikaasjes fêst te lizzen.

Syn ynteresse yn en leafde foar sawol de Fryske taal as de Fryske natuer makken dat Sake Roodbergen meidie yn provinsjale wurkgroepen dy’t ûnder auspysjes fan de Fryske Akademy de Fryske nammen foar groepen fan organismen op ’e nij fêststelden, lykas fan fûgels, fisken en wylde floara. Yn it ramt fan dat hiele proses begûn er oan de produksje fan in lange rige tige populêre Frysktalige natuergidsen. Dêr binne yntusken acht fan ferskynd en it doel is om de tsien fol te meitsjen, fan nûmer ien Fûgels oant en mei nûmer tsien Orchideeën.

Njonken dy populêre natuergidsen binne der oer de Fryske natuer yn ferskate media bydragen fan syn hân yn it Frysk ferskynd en hat er ûnder oaren meiwurke oan de skoaltelefyzjesearje Sybe Satellyt en de Frysktalige app Fauna yn Fryslân.

Mei it each op it boppesteande is de Ried fan de Fryske Beweging fan betinken dat de Fear yn ’e Broek dit jier oan Sake P. Roodbergen takomt. De priis bestiet út in hânmjittich ynkleure, orizjinele linofyk fan byldzjend keunstner Fedde Hoekstra en in oarkonde.

Sake Roodbergen (foto: Goeie.frl)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter