Diel dit berjocht

Frysk Museum presintearret grutte útstalling oer troujurken

Fan ’t hjerst bringt it Frysk Museum foar it earst in grutte útstalling oer de troujurk fan de ôfrûne 250 jier, mei sawol histoaryske, moderne as hjoeddeiske jurken. Sintraal stiet de breidsjurk yn Nederlân. It museum nimt de besiker mei op in reis troch de tiid, fan de 18e iuw oant no, op ’e siik nei de essinsje fan de breidsjurk.

Troukostúm fan Isabella Stinstra, 1782 (foto: Cees de Jonge/the Visual Art Box)

Hokker moaden en tradysjes wiene der troch de iuwen hinne foar de troujurk? Wêr komt de ‘wite’ breidsjurk, sa’t we dy no kenne, wei? En wat seit de jurk oer de draachster? Ja, ik wil! is fan 14 septimber 2024 oant en mei 16 febrewaris 2025 te sjen yn Ljouwert. Yn de útstalling, foarmjûn troch ûntwerpstudio Maison de Faux en mei grafyske foarmjouwing fan Dana Dijkgraaf Design, wurdt foar it earst in oersjoch fan de skiednis fan de troujurk, al iuwen in ikoanysk stik klean, presintearre. De troujurk wjerspegelet de wrâld fan de breid; fan moade en tiidgeast oant smaak en sosjale klasse. Oan ’e hân fan persoanlike ferhalen oer de draachsters wurdt in byld sketst fan de ûntjouwing fan de troujurk en dêrmei ek de posysje fan froulju yn Nederlân.

Yn de útstalling fergappet men jin oan sa’n sechstich jurken – fan in troukostúm út 1782 oant tal fan hjoeddeiske ûntwerpen – mei ûnder oaren fan Viktor&Rolf (mei de troujurk fan presintatrise Nikkie de Jager), Iris van Herpen en Jan Taminiau. De fariaasje fan de jurken toant net allinnich de feroarjende moade, mar jout ek ynsjoch yn maatskiplike tema’s lykas yndividualiteit, emansipaasje en geslachtgelikensens. Ien fan de sealen is omdoopt ta atelier, dêr’t Claes Iversen yn sjen lit hoe’t in ûntwerper fan troujurken te wurk giet.

Ien fan de topstikken út de útstalling is de troujurk fan Keninginne Máxima, dêr’t se op 2 febrewaris 2002 it jawurd yn joech oan (doe) prins Willem-Alexander. It Italiaanske moadehûs Valentino kreëarre foar de prinsesse in ivoarkleurige mikadosiden jurk mei lange mouwen, in opsteande hals en in fiif meter lange sleep.

Keninginne Máxima draacht in troujurk fan Valentino (foto: RVD/Jeroen van der Meyde)
Troujurk fan Dick Holthaus út de sechtiger jierren (foto: Amsterdam Museum)

Oprop: Honeymoonquiz-jurk socht
Om de útstalling folslein te meitsjen, is it Frysk Museum noch op ’e siik nei ien jurk: in troujurk út it programma Ron’s Honeymoonquiz (TROS/RTL4, 1987-1996). It programma droech oan de populariteit fan de lange wite troujurk by, al krige de klam op dat type jurk ek krityk: “fan de 95.000 breiden dy’t jierliks yn Nederlân it ja-wurd jouwe, ûntlûkt mar in inkeling him oan de diktatuer fan de ikere troujapon. (…) De ûntwerpers kinne betinke wat se wolle, de trochsneed Hollânske breid lit har net samar oerhelje”, skriuwt sjoernalist Marie-Catrien van Deijck yn 1993 yn it Algemeen Dagblad. Wa’t oan it programma meidien hat en har jurk útliene wol, kin kontakt mei it museum opnimme fia communicatie@friesmuseum.nl ûnder fermelding fan ‘troujurk’.

Njonken jurken út eigen kolleksje binne yn de útstalling bysûndere troujurken te sjen fan Kunstmuseum De Haach, Museum Dordrecht, Ryksmuseum, Museum Rotterdam, Amsterdam Museum, Centraal Museum, Nederlands Openluchtmuseum, breidsmoadesaak Koonings The Wedding Palace, ferskate ûntwerpers en priveekolleksjes.

Boek
By de útstalling ferskynt in ryk yllustrearre boek. Dat giet noch djipper op de skiednis fan de troujurk yn Nederlân yn. It foaropwurd is skreaun troch earder stylredakteur by de Volkskrant Cécile Narinx. It boek is fan 14 septimber ôf yn ’e museumwinkel en webwinkel fan it Frysk Museum te keap.

Sjoch op friesmuseum.nl foar mear ynformaasje.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter