Diel dit berjocht

Fryske siswizen by rêstpunten foar fytsers en kuierders

De Fryske taal fertsjinnet it om sawol foar ynwenners as foar besikers fan Fryslân sichtberder te wêzen. Yn de provinsje Fryslân kinne kuierders of fytsers sa’n hûndert rêstpunten opsykje. De kâns is grut dat men dêr no Fryske siswizen tsjinkomt yn ’e foarm fan in buordsje mei útlis oer de betsjutting.

Om de Fryske taal breder sichtber te meitsjen hawwe de Toerisme Alliânsje Fryslân, Afûk, Merk Fryslân, Rekreaasjeskip Marrekrite, Stichting Rustpunt en de Provinsje Fryslân de hannen yninoar slein om dat mooglik te meitsjen. Under it biedwurd ‘it is mei sizzen net te dwaan’ is it projekt Fryske Sprekwurden yn fjouwer moanne troch de oanbelangjende partijen realisearre.

Fokke Jagersma fan de Afûk: “De Fryske taal jout ús in gefoel fan thús, foar oaren is it krekt it gefoel fan in soarte fan bûtenlân yn Nederlân. Dêrom sizze wy ek wol gauris: ‘Us deistich libben is in oar syn aventoer’. Ut eardere ûndersiken (û.o. ‘Krenten uit de pap’, E&E-advies, 2020) docht ek bliken dat de Fryske taal wichtich is foar de belibbing fan Fryslân.”

Yn it Slûsfabryk fan Drachten hawwe ferline wike tiisdei 75 rêstpunteigners in buordsje oerlange krige. Deputearre Friso Douwstra oerlange it earste eksimplaar oan Fred Heemskerk fan Stichting Rustpunt. “Men jout gjin kij mei hoarnen wei , mar it ferskaat oan unike Fryske siswizen diele wy graach en jouwe wy ek graach in plak yn ús iepenbiere romte. It is moai dat we dat mei dit projekt no ek op in aardige en ferrassende wize yn it omtinken bringe kinne fan ús besikers en ynwenners ûnder it kuierjen en fytsen. Dat heakket wat ta oan de belibbing fan ús provinsje”, sei deputearre Douwstra.

Foto: Merk Fryslân

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter