Diel dit berjocht

It fjoer fan de Friezen

Siet der by de Friezen frijheid yn ’e loft? Op it Reaklif yn Warns leart Huub Stapel oer de frijheidsstriid fan de Friezen, dy’t yn ’e midsiuwen alle jierren om in âld ikebeam hinne beklonken waard. En wat hat it fierljeppen dêr eins mei te krijen? Huub Stapel giet mei help fan Nynke de Jong op ’e siik nei de oarsprong fan de Fryske identiteit.

De kommende wiken, sneons om 20.00 oere, is by MAX op NPO 2 de searje Het vuur van de Friezen te sjen. De earste ôflevering ‘Water – de oorsprong’ wie sneon 13 july te sjen en stiet no online.

Wie wetter de oarsprong fan de Friezen? Fan terp oant skûtsje: Friezen wiene en binne thús op it wetter. Mei de Wytsingers reizgen se nei Ingelân en yn Dútslân ûntdekt Huub dat guon Friezen noch altyd mei it tij libje.

Besjoch de oankundigingsfilms hjirûnder:

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter