Diel dit berjocht

It Ziltepad

It Ziltepad is in inisjatyf fan Grinzer tsjerken en de stichting Alde Fryske Tsjerken. In paad fan tsjerke nei tsjerke, bylâns de rûge râne fan it noarden. Sa ferbine se kultureel erfgoed oan it Wrâlderfgoed lânskip, de unike doarpen, de ynwenners en it tema besinning. Foto’s: Niels Knelis

In part fan dat sâltige paad, sa’n 17 kilometer by de Fryske en Grinzer tsjerken lâns fan Eastrum fia Lauwerseach en Vierhuizen nei Hornhuizen, is no beskreaun. De rûte bestiet út trije etappen dy’t kuierjend of op ’e fyts ôflein wurde kinne. Skriuwer en gids Fokko Bosker hat in detaillearre kuier- en fytsgids skreaun. It paad nimt jin mei op in tocht dy’t natuer, doarpen en iuwenâlde tsjerken oandocht. Kuierjend en fytsend is te sjen hoe’t natuer en kultuerhistoarje dêr byinoar komme.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter