Diel dit berjocht

Keramykmuseum Prinsessehof presintearret útstalling Terra Delft

Fan 17 augustus 2024 o/m 4 maaie 2025 presintearret Keramykmuseum Prinsessehof yn Ljouwert in útstalling mei wurk út de kolleksje fan Galerie Terra Delft. Dy galery kriget dit jier de Van Achterberghpriis om’t dy mei grutte passy en trochsettingsfermogen pleitbesoarger foar de keramyk yn Nederlân is.

Galeryhâlders Joke Doedens en Simone Haak sammelje al sûnt 1986 belangryk hjoeddeisk keramyk. Yn ’e eksposysje Van Achterberghprijs 2024: Terra Delft wurdt in seleksje toand fan tsien wurken út de kolleksje fan de galery, en ien wurk út de kolleksje fan it Prinsessehof. Dêr wurdt in tiidline fan de galery mei sketst.

Der is wurk te sjen fan Felicity Aylieff (Ingelân, 1954), Daphne Corregan (Feriene Steaten, 1954), Wouter Dam (Nederlân, 1957), Ken Eastman (Ingelân, 1960), Liesbeth Kamp (Nederlân, 1962), Jackson Li (Sina, 1953), Hein Severijns (Nederlân, 1936), Olav Slingerland (Nederlân, 1969), Carolein Smit (Nederlân, 1960) en Ann Van Hoey (België, 1956).

Foto Ken Eastman: ‘Out of the wind’, 2019 (boarne: Prinsessehof Ljouwert)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter