Diel dit berjocht

Petysje tsjin besunigingen Frysk oanbean oan de provinsje

Woansdeitemoarn 19 juny, foar it Steatedebat, waard ûnder grutte belangstelling fan oanwêzige Steateleden de petysje tsjin de besunigingen op it Frysk yn ûntfangst nommen troch kommissaris Arno Brok. De Fryske Beweging hie de petysje opsteld en fia dizze side en de sosjale media wie de oprop dien oan minsken om te tekenjen.

Woansdei besleat de provinsje oer de Taalnotysje ‘Fansels Frysk’. Dêr steane moaie plannen yn dy’t it Frysk foarút helpe kinne. Mar Deputearre Steaten hawwe it jild der net foar oer en wolle sels besunigje op organisaasjes lykas Omrop Fryslân, de Afûk en Mercator.

Ponghâlder Arjen Dijkstra fan De Fryske Beweging oerlange de petysje, dy’t troch 231 minsken tekene is, oan Brok. Dijkstra ferwiisde dêrby nei in útspraak fan Tony Feitsma: “Foar’t de oerheid de Friezen sleauwens mei harren taal ferwyt, sil er him earst ôffreegje moatte oft er wol in solide ynfrastruktuer opboud hat.” De besunigingen betsjutte in soad foar de taalynfrastruktuer. Dijkstra: “Elke organisaasje hat hjir syn eigen rol. Ast dêr sûnder neitinken op besunigest, dan wurdt dy ynfrastruktuer oantaast en kinst bliuwende skea oanrjochtsje oan de resultaten dy’t oant no ta boekt binne.” Hy ferfolget: “Dat der soms feroare wurde moat is logysk. Mar praat dan lykwols net oer it fjild, mar mei it fjild.”

Spitigernôch hat de petysje net it resultaat hân dêr’t op hope waard, nettsjinsteande de sechtjin moasjes en amendeminten dy’t troch de steatefraksjes yntsjinne wiene. In pear partijen woene dat de besunigingen fan tafel fege wurde soene, mar oare partijen binne net oer de streek lutsen. Alle útstellen dy’t echt finansjeel wat feroarje soene, binne fuortstimd. In pear oare útstellen dy’t rjochting jouwe oan de útfiering fan it kolleezje, binne wol oannommen. Besjoch de PS-gearkomste en de stikken dy’t dêrby hearre op de webside fan de provinsje.

De Ried fan de Fryske Beweging is der noch net oer útpraat en nûget eltsenien fan herte út foar syn earste Bewegingsdei. De Fryske taal nimt dy middei in wichtich plak yn. Sa stiet taaldeputearre Eke Folkerts as sprekker op it program. En men kriget de kâns om it Steatekomitee Frysk te fertellen wat de stip op de hoarizon wêze moat foar it Frysk.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter