Diel dit berjocht

Provinsjale trochfytsrûtes Fryslân krije foarm

Troch spesjale paadwizers oan te bringen, soarget de provinsje derfoar dat de trochfytsrûtes yn Fryslân maklik werom te kennen binne. Dêrneist ynvestearret de provinsje yn it optimalisearjen fan de trochfytsrûte tusken Ljouwert en Stiens by de N357 lâns en yn ’e beboude kom fan Ychten en Eastersee by de N924 lâns.

It opwurdearjen fan in fytspaad ta in trochfytsrûte is faak in lang proses. Om dat te realisearjen komme der ‘Trochfytsrûtebuorden’. Der komt in symboal op it fytspaad en de rûtes krije in Frysktalige ferzje fan it nasjonale buordsje (F-nûmering). Dêrneist ferbetteret de provinsje de besteande trochfytspaden fan beton troch der streken op oan te bringen. Mei-inoar is dêr likernôch 400.000 euro foar beskikber.

De provinsje hat ek sjoen nei lokaasjes dêr’t fanwegen ferkearsfeiligens ferbetteringen winsklik binne. Dat is it gefal op de rûte by de N357 tusken Ljouwert en Stiens lâns. De provinsje sil dêr oan ’e slach mei it ombouwen fan in part fan de paralleldyk nei fytsstrjitte én mei it opfallender en feiliger meitsjen fan oerstekplakken. De trochfytsrûte tusken It Hearrenfean en De Lemmer kriget ek in bettere en passende útstrieling, troch yn de beboude kom fan Ychten en Eastersee de fytsrûte op ’en nij yn te rjochtsjen. De provinsje ynvestearret yn totaal 1,2 miljoen euro yn dy twa projekten.

One Response

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter