Diel dit berjocht

Socht: tûzenen Friezen dy’t in ketting foarmje!

Slút dy op snein 23 juny 2024 oan by The Climate Chain! Wy slaan de hannen yninoar en lûke in reade streek by de Nederlânske kust lâns. Mei-inoar foarmje we in minsklik ketting en freegje we fluggere aksje tsjin de katastrofale klimaatferoaring en foar in duorsume ekonomy. Sa meitsje wy it grutte draachflak foar mear en in rappere klimaataksje sichtber. In mearderheid fan de Nederlanners spruts him yn 2023 út foar mear klimaatbelied en freget mear aksje fan de oerheid.

Urgenda wol in minsklik ketting meitsje mei 150.000 minsken by de kust lâns. Dêr moatte der 46.000 fan tusken Surch en Lauwerseach stean. Dat binne 750 minsken de kilometer. Elkenien wurdt frege om yn it read te kommen: we lûke in reade line!

Wa’t meidwaan wol kin op www.theclimatechain.nl sjen op hokker part fan de kust oft noch minsken nedich binne en sjen hoe dêr te kommen.

One Response

  1. Dit is wat de RfdFB wichtich fynt. Oan de oare kant wolle se net aktivistysk foar it Frysk opkomme. Nee, dat moat fansels net.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

  • Reaksje (1)
  • Dit is wat de RfdFB wichtich fynt. Oan de oare kant wolle se net aktivistysk foar it Frysk opkomme. Nee, dat moat fansels net.

Lit in reaksje efter