Diel dit berjocht

Underdûk yn Fryslân

Yn de Twadde Wrâldoarloch fûnen tûzenen ûnderdûkers in feilich hinnekommen earne yn Fryslân. Fan goed 5000 fan harren binne registraasjekaarten bewarre bleaun.

Belangryk yn dit ferbân is ek it antwurd op de fraach: wat ferstean wy krekt ûnder in ûnderdûker? Wiest dat wannear’tst dy foar in langer skoft yn in frjemd hûs foar de bûtenwrâld ferstoppe hiest of wie dyjinge dy’t thús by driigjend gefaar foar in pear oeren ûnder it bedstee kroep ek in ûnderdûker? Om in goed byld te krijen fan alle fasetten om it tema Underdûk yn Fryslân hinne, brûke wy it begryp in de meast brede betsjutting fan it wurd.

It is in inisjatyf fan Tresoar.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter