Neisimmersk wykein

6 septimber 2024

DE JOUWER – It hat freed oerdei yn in part fan Fryslân noch efkes tongere, mar wy krije in simmersk wykein.

Sneon skynt de sinne geregeld en it bliuwt drûch. By in swakke oant matige eastewyn leit de temperatuer om de 25 graden hinne.

Op snein is it, mei in graad as 24, ek waarm, mar de kâns op in (tonger)bui nimt wol ta. Wy sjogge de sinne geregeld en de swakke oant matige wyn komt út it súdwesten.

Fan moandei ôf wurdt it in hiel stik frisser. Dan giet de swakke oant matige wyn nei it noarden en by sa út en troch sinne is der ek kâns op in bui. It wurdt in graad of 20.

Jan Brinksma

Oanhâldend waarm

5 septimber 2024

Waarm neisimmerwaar

4 septimber 2024

Dochs wer waarm

3 septimber 2024

Oar waar

2 septimber 2024