Diel dit berjocht

Better waar kommendewei

12 septimber 2024

DE JOUWER – It is 12 septimber en der is yn De Bilt al hûndert milimeter reinwetter fallen. Dat is 22 milimeter mear as gewoan yn in hiele moanne. Oan it wiete waar komt foarearst in ein.

Tongersdeitenacht kinne der noch in pear buien falle, miskien wol mei tonger. Der stiet net in soad wyn, mar by de kust lâns is de wyn frij krêftich oant krêftich út it noardwesten. It wurdt in graad of 5, mar yn in stripe by de kust lâns leit de temperatuer om de 8 graden hinne.

Freed falt der noch in bui, mar de sinne skynt ek. De matige, by de kust lâns en boppe de Iselmar sa út en troch frij krêftige wyn, komt earst út it noardwesten, mar letter út it noarden. It wurdt 15 graden.

Yn it wykein bliuwt it, sa goed as, drûch en de temperatuer giet noch wat fierder omheech.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter