Diel dit berjocht

Dochs wer waarm

3 septimber 2024

DE JOUWER – Nei op moandeitejûn rein en tonger wie it tiisdei wer in hiel neare dei en it bliuwt dizze wike ek noch waarm, wylst dat juster net ferwachte waard.

Tiisdeitenacht kin it sa út en troch reine. By de kust lâns is de wyn matich út it súdwesten, mar mear de provinsje yn stiet hast gjin wyn. It wurdt 16 graden.

Woansdei reint it sa út en troch en it liket wer in skiere dei te wurden. Der stiet net in soad wyn, mar middeis sil de wyn by de kust lâns matich wêze en út it noardwesten wei. It wurdt in graad of 20.

De oare dagen fan dizze wike wurde, nei alle gedachten, wer simmersk waarm.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter