Diel dit berjocht

Folop simmer

19 july 2024

Nei in waarme freed bliuwt it jûn en fannacht helder en drûch. De swakke oant matige wyn is earst noch noardeastlik en komt letter út it easten. De minimumtemperatuer leit om de 15 graden hinne.

Sneon is it drûch, sinnich en tige waarm. De swakke oant matige wyn komt út it súdeasten. Oan de ein fan ’e middei is it net útsletten dat der swier waar opsetten komt, mei wynstjitten en op plakken wetteroerlêst en heil.

Snein en de earste dagen dêrnei hâlde we dat simmerwaar, al sil it wat kâlder wêze en is in ûnwaarsbui wol mooglik.

Waarnimmer

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter