Diel dit berjocht

Freed kâns op rein

15 augustus 2024

DE JOUWER – Nei in kreaze en ek noch waarme tongersdei docht de simmer freed in stapke tebek. It bliuwt boppedat net drûch.

Tongersdeitenacht rekket de loft foar in part berûn, mar der binne ek wat opklearringen en it liket noch drûch te bliuwen. By in matige, by de kust lâns frij krêftige, súdwestewyn is it mei 17 graden wer in hiel mylde nacht,

Freed wurdt in skiere dei mei rein. Middeis soe it letter wat opklearje kinne. Yn ‘e moarntiid stiet der in matige súdwestewyn, yn ‘e middei is de wyn swak oant matich en komt út it westen oant súdwesten. It wurdt goed 20 graden.

Yn it wykein is it noflik en gewoan simmerwaar.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter