Diel dit berjocht

Gewoan simmerwaar

DE JOUWER – It wie freed hiel noflik simmerwaar mei in temperatuer om de 20 graden hinne. Sneon wurdt it wer wat waarmer, mar fan snein ôf is it in skoft gewoan simmerwaar.

Sneon skynt de sinne earst geregeld, mar yn ‘e middei rekket de loft stadichoan berûn. It liket wol drûch te bliuwen. Yn ‘e moarntiid komt de swakke oant matige wyn út it suden, middeis kin de matige wyn fan see komme. De temperatuer leit tusken de 20 en 23 graden.

Snein sjogge wy de sinne sa út en troch en by in matige noardwestewyn wurdt it 19 graden.

Moandei feroaret der net in hiel soad oan it rêstige simmerwaar. By sa út en troch wat sinne en in matige wyn út it westen sil it krapoan 20 graden wurde. It bliuwt ek snein en moandei, sa goed as, drûch.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter