Diel dit berjocht

In soad (tonger)buien

11 septimber 2024

DE JOUWER – It wie in hiel ritige woansdei. De iene bui jage de oare en dat bliuwt noch wol efkes sa.

Woansdeitenacht falle der wer (tonger)buien. De wyn komt út it súdwesten en is swak oant matich, mar by de kust lâns stiet in matige weste- oant noardwestewyn. It wurdt in graad of 8.

Tongersdei falle der rûnom wer flinke (tongerbuien, miskien wol mei heil en in soad delslach. Yn ‘e moarntiid komt de swakke oant matige wyn út it súdwesten, mar by de kust lâns is de wyn matich oant frij krêftich út it noardwesten. Middeis rommet de wyn nei it westen. By de kust lâns bliuwt de wyn frij krêftich út it noardwesten. De temperatuer leit om de 15 graden hinne.

Freed liket it drûger te wurden.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter