Diel dit berjocht

Jûn buien, moarn koeler

15 july 2024

Nei in waarme dei moatte we jûn op rein- en ûnwaarsbuien rekkenje. Letter yn ’e nacht wurdt it wer drûch en is it om de 16 graden hinne. In matige wyn út it suden giet oer yn in frij krêftige oant krêftige wyn út it súdwesten.

Tiisdeitemoarn oerhearsket bewolking dêr’t ek wolris rein út komme kin. De súdwestewyn is matich en oan de kust krêftich. Middeis sil de sinne der wolris by komme, ôfwiksele mei in protte buien. De temperatuer bliuwt stykjen by 20 graden. De jûns kin it begjinne te tongerjen.

Fan woansdei ôf kriget de sinne wer mear kânsen, al kin der noch wolris in bui komme.

Tongersdei en freed hawwe we drûch waar en rint de termometer op, wol oant 30 graden op freed. Dêrnei kuollet it wer ôf.

Waarnimmer

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter