Diel dit berjocht

Minne freed

DE JOUWER – Nei in noflike tongersdei krije wy in wiete freed.

Tongersdeitenacht bliuwt it noch drûch. Boppe it fêstelân fan de provinsje stiet hast gjin wyn, by de kust lâns is de wyn matich út it noarden. It wurdt 14 graden.

Freed is de loft berûn en it kin in hiel skoft reine. By in matige noardewyn sil it net folle waarmer wurde as 17 graden.

Yn it wykein bliuwt it noch wat ritich, mar nije wike liket it waar op te knappen.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter