Diel dit berjocht

Neisimmer

16 septimber 2024

DE JOUWER – Wy krije in wike kreas neisimmerwaar mei in soad sinne en it bliuwt oant snein drûch.

Moandeitenacht wikselje in berûne loft en in pear opklearringen inoar ôf. De wyn komt út it noarden en is matich, by de kust lâns frij krêftich. It wurdt 11 graden.

Tiisdei begjint oan ‘e skiere kant, mar geandewei komt de sinne der hieltyd better by. De wyn rommet fan it noarden nei it noardeasten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. It wurdt krapoan 20 graden.

Fan woansdei ôf giet de temperatuer noch wat fierder omheech.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter