Diel dit berjocht

Noflik simmerwaar

26 augustus 2024

DE JOUWER – Nei in wykein mei fan alles wat, krije wy in wike mei noflik simmerwaar. Moandei wie de loft noch berûn, mar tiisdei en woansdei sjogge der sinnich út.

Moandeitenacht soe it wat dampich wurde kinne. Der stiet net in soad wyn, mar by de kust lâns is de wyn matich en komt er út it suden. It wurdt in graad of 10, mar yn in stripe by de kust lâns sil de temperatuer in pear graden heger wêze.

Tiisdei skynt de sinne in soad en by in swakke oant matige súdeastewyn leit de temperatuer om de 24 graden hinne.

Woansdei wurdt it simmersk waarm.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter