Diel dit berjocht

Oanhâldend waarm

5 septimber 2024

DE JOUWER – It is wer waarm neisimmerwaar en dat bliuwt it noch in pear dagen.

Tongersdeitenacht hawwe wy in skjinne loft en it bliuwt drûch. Op guon plakken soe it wat dampich wurde kinne. De eastewyn is matich, mar by de noardlike kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt 17 graden.

Freed skynt de sinne earst flink, mar letter rekket de loft mear berûn. De wyn komt út it easten en is matich oant frij krêftich. De temperatuer leit om de 24 graden hinne.

Yn it wykein is it simmersk waarm, mar de kâns op in (tonger)bui nimt wol ta.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter