Diel dit berjocht

Oar waar

DE JOUWER – Nei in pear hiel waarme simmerdagen, krije wy no wer oar waar. It kuollet ôf en letter nimt de kâns op in (tonger)bui ta.

Tongersdeitenacht bliuwt it drûch. De wyn komt út it súdwesten oant westen en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar matich oant frij krêftich. It wurdt in graad of 15.

Freed skynt de sinne geregeld en it bliuwt drûch. De westewyn is matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar stiet wat mear wyn. De temperatuer leit om de 20 graden hinne en dat skeelt wol in graad of 7 mei tongersdei.

Sneon is it, nei alle gedachten, wer waarm, mar fan snein ôf leit de temperatuer om de 20 graden hinne.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter