Diel dit berjocht

Oar waar

2 septimber 2024

DE JOUWER – It wie moandei is hiel neare dei mei yn it noarden fan Fryslân ek noch efkes tonger. Fan tiisdei ôf sil it waar feroarje. It kuollet ôf en it waar giet mear hinne en wer.

Moandeitejûn en moandeitenacht is der kâns op in pear (tonger)buien, miskien wol mei wynpûsten en in soad delslach. Der stiet hast gjn wyn, mar by de kust lâns is de súdlike wyn matich. It wurdt in graad of 17.

Tiisdei skynt de sinne sa út en troch. It is earst drûch, mar letter rekket de loft berûn en kin it sa út en troch reine. Middeis is der kâns op in bui. By in swakke oant matige súdwestewyn leit de temperatuer om de 21 graden hinne.

De oare dagen fan dizze wike feroaret der net in hiel soad. It stabile en waarme simmerwaar is foarearst dien.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter