Diel dit berjocht

Rêstich wykein

13 septimber 2024

DE JOUWER – It wie in freed mei freonlik waar en dat wie in opsetsje nei in rêstich en, sa goed as, drûch wykein.

Sneon bliuwt it drûch en de sinne skynt geregeld. By net al te folle wyn út it noardwesten wurdt it 17 graden.

Op snein is de loft, nei alle gedachten, wat mear berûn, mar wy sille de sinne grif wol sjen. By in matige westewyn kin it 18 graden wurde.

Moandei liket in frijwat skiere dei te wurden. De matige wyn komt út it noarden en it wurdt krapoan 20 graden.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter