Diel dit berjocht

Ritich

DE JOUWER – De simmer is it paad wer efkes kwyt. It is dizze wike ritich en oan de frisse kant.

Moandeitenacht sil it reine. De westewyn is swak oant matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar sa út en troch frij krêftich.

Tiisdei reint it earst, mar letter wurdt it drûch en skynt de sinne ek geregeld. Der kin dan noch wol in bui falle. De wyn komt út it westen, letter noardwesten en is matich. By de kust lâns en boppe de Iselmar stiet wat mear wyn. It wurdt net folle waarmer as 17 graden.

Woansdei en tongersdei bliuwt it ek net drûch.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter