Diel dit berjocht

Simmer

DE JOUWER – It hat dit jier hiel lang duorre, mar it is dizze wike, lang om let, simmer.

Moandeitenacht is it helder en der is hast gjin wyn, mar by de noardlike kust lâns is de wyn matich út it easten. Mei in graad of 11 bliuwt it noch noflik.

Tiisdei skynt de sinne hast de hiele dei, mar wat hingelwolken binne letter net hielendal útsletten. By in swakke oant matige noardeastewyn leit de temperatuer om de 26 graden hinne.

De oare dagen fan dizze wike hâldt it waarme simmerwaar oan.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter