Diel dit berjocht

Simmersk wykein

16 augustus 2024

DE JOUWER – Nei in wat skiere en reinige freed krije wy in hiel kreas wykein mei noflik simmerwaar.

Sneon skynt de sinne geregeld en it bliuwt drûch. By hast gjin wyn leit de temperatuer tusken 20 en 23 graden.

Snein leit de temperatuer by in swakke oant matige westewyn ek wer krekt boppe de 20 graden. It bliuwt drûch en wy sille de sinne geregeld sjen.

Op moandei skynt de sinne noch wat faker en by in swakke oant matige súdwestewyn wurdt it in graad as 23.

Pas op tiisdei soe it wer in hiel lyts bytsje reine kinne.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter