Diel dit berjocht

Simmerwykein

9 augustus 2024

DE JOUWER – Nei in freed mei earst skier waar, mar letter ek sinne, krije wy in simmerwykein en moandei wurdt it tropysk.

Sneon wikselje in berûne loft en sinne inoar ôf, mar it bliuwt drûch. De súdwestewyn, letter weste- oant súdwestewyn is matich, by de kust lâns sa út en troch frij krêftich. De temperatuer leit tusken 20 en 24 graden.

Snein skynt de sinne geregeld en by in matige sudewyn sil it mei 23 oant 27 graden al in waarme simmerdei wurde.

Moandei kin it op in soad plakken yn Fryslân tropysk wurde. De sinne skynt hast de hiele dei  en by in matige súdeastewyn leit de temperatuer tusken 28 en 32 graden.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter