Diel dit berjocht

Soad wyn

22 augustus 2024

DE JOUWER – Der stie tongersdei al in stûfe wyn en it sil freed ek in rûzige dei wurde.

Tongersdeitenacht soe it by de kust lâns wat reine kinne. De súdwestewyn is matich, mar by de kust lâns krêftich oant hurd. Mei 16 graden wurdt it in mylde nacht.

Freed is de loft foar it grutste part berûn en wat rein of in bui it net hielendal útsletten. Yn ‘e rin fan ‘e middei soe it wat opklearje kinne. De wyn komt út it súdwesten en is matich oant frij krêftich, by de kust lâns krêftich oant hurd mei kâns op wynpûsten. Letter op de dei jout de wyn him wat del. It wurdt goed 20 graden.

It waar foar it wykein is noch tige ûnwis.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter