Diel dit berjocht

Stadichoan better

DE JOUWER – It bleau freed yn Fryslân lang drûch, mar lang om let waard it ek yn ús provinsje in wiete boel. Yn it wykein sil it wat better waar wurde en nije wike kin it simmersk wurde.

Sneon wikselje sinne en in berûne loft inoar ôf en der falle in pear buien. De westewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt 17 graden.

Snein bliuwt it, sa goed as, drûch, mar in strieljende simmerdei wurdt it noch net. By in matige súdwestewyn fielt it mei 20 graden wol noflik oan.

Moandei skynt de sinne geregeld, mar letter yn ‘e middei is der kâns op in (tonger)bui. De wyn is matich en komt út it suden. Mei temperatueren tusken 20 en 24 graden is it dan simmer.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter