Diel dit berjocht

Tiisdei hiel waarm

5 augustus 2024

DE JOUWER – It wie moandei wer in kreaze simmerdei en tiisdei wurdt it in hiele waarme dei.

Moandeitenacht is it, nei alle gedachten, helder en by in swakke oant matige súdeastewyn wurdt it 14 graden.

Tiisdei is it earst sinneskynwaar, mar yn ‘e middei kin de loft stadichoan wat berûn reitsje. De swakke oant matige wyn komt earst út it suden, mar letter yn ‘e middei rommet de wyn nei it westen. De temperatuer leit tusken 24 en 28 graden.

Woansdei kuollet it wer wat ôf en in (tonger)bui is dan net hielendal útsletten.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter