Diel dit berjocht

Tongersdei drûch

DE JOUWER – Nei it minne waar fan tiisdeitejûn, foelen der woansdei yn Fryslân ek noch in pear buien en dêr siet ek tonger by. Tongersdei bliuwt it, sa goed as, drûch.

Woansdeitenacht is it drûch. Der stiet net in soad wyn, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar is de wyn matich út it súdwesten. It wurdt 15 graden.

Tongersdei sil de loft it grutste part fan ‘e dei berûn wêze, mar wy sille de sinne sa út en troch ek wol sjen. It bliuwt, nei alle gedachten, drûch. By in matige westewyn leit de temperatuer tusken 17 en 20 graden.

Freed liket in wiete dei te wurden.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter