Diel dit berjocht

Waarm neisimmerwaar

4 septimber 2024

DE JOUWER – Nei in skiere dei mei in skoft rein en wat minder hege temperatueren komt de simmer tongersdei wer hielendal werom.

Woansdeitenacht bliuwt it, nei alle gedachten, drûch en it kin op guon plakken dampich wurde. By in swakke oant matige noardeastewyn wurdt it 17 graden.

Tongersdei begjint skier en miskien ek noch wol dampich, mar geandewei de dei komt de sinne der ek by en it wurdt wer near. Yn ‘e moarntiid is de noardeastewyn swak oant matich, mar by de kust lâns sa út en troch frij krêftich. Middeis giet de wyn nei it easten en is er by de noardlike kust lâns matich, sa út en troch frij krêftich. It kin op in soad plakken wol 25 graden wurde.

Op freed en yn it wykein bliuwt it waarm neisimmerwaar.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter