Diel dit berjocht

Waarme woansdei

27 augustus 2024

DE JOUWER – Mei alwer in hiel kreaze rite docht de rispmoanne it poerbêst. Woansdei sjocht it waar der ek hiel goed út en wurdt it waarm.

Tiisdeitenacht is it helder en by in swakke eastewyn wurdt it 13 graden.

Woansdei skynt de sinne hast de hiele dei en it bliuwt drûch. De easte- oant súdeastewyn is swak oant matich. De temperatuer leit om de 27 graden hinne.

Fan tongersdei ôf sil it wer in pear dagen wat minder waarm wurde.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter